Frouljusploech SC Hearrenfean begjint mei grutte oerwinning

14 sep 2018 - 21:27

De frouljusploech fan SC Hearrenfean is goed begûn oan it nije seizoen yn de earedifyzje. Yn de earste wedstriid wûn de ploech fan Roeland ten Berge mei 6-2 op besite by Achilles'29, in klup yn jildneed. Fenna Kalma wie de grutte frou oan de kant fan de Feansters.

Argyffoto mei Tiny Hoekstra en Fenna Kalma - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it Gelderske Groesbeek hie Kalma, de spits fan Hearrenfean, al binnen it kertier in hattrick op har namme. Yn de fiifde minút waard it 0-1, nei in goed kertier ferdûbele Kalma de skoare en nochris trije minuten letter soarge se ek foar de 0-3.

Dêrnei wist ek Tiny Hoekstra it net te finen. Sa stie Hearrenfean healweis de earste helte al op 0-4. Dêrnei die Achilles wat werom: Sophie Cobussen skoarde.

Twadde helte

Nei it skoft duorre it in kertier foar't Hearrenfean wer skoarde. Nathalie van den Heuvel makke der 1-5 fan. Net lang dêrnei skoarde Quinty Sabajo har earste kompetysjegoal foar de Feansters.

Yn de slotfaze koe Hearrenfean de skoare net fierder útwreidzje. Sterker noch, Achilles makke de efterstân wat lytser: Lisa Blankenstein skoarde. Tichterby kaam de thúsploech lykwols net.

In wike lyn wie de earste spylronde al yn de earedifyzje foar froulju, mar omdat dy kompetysje út njoggen klups bestiet, is der alle wiken ien frij. Ferline wike wie dat Hearrenfean. De útwedstriid tsjin Achilles wie foar Hearrenfean dus de earste kompetysjewedstriid.

Ferkearde shirts

SC Hearrenfean hie net de goede shirts mei nei sportpark De Heikant. Achilles '29 spilet thús yn it swart-wyt en dêr lykje de shirts fan Hearrenfean te bot op. Dêrom moasten de Friezinnen yn de oranje útshirts fan Achilles spylje.

(advertinsje)