"Sûnder nijbou ferdwynt âldereinsoarch yn Koudum"

14 sep 2018 - 21:20

De gemeente Súdwest-Fryslân moat ynstimme mei de nijbouplannen foar soarchsintrum De Finke yn Koudum. Dogge se dat net dan ferdwynt de âldereinsoarch út Koudum. Mei dy warskôging komt soarchynstelling Patyna, eigener fan De Finke.

Soarchsintrum Koudum

Der wurdt al jierren praat oer de nijbouplannen en kommende wike is de gemeente oan bar om dêr wol of net grien ljocht foar te jaan. Neffens Patyna kinne se net oars as ynstimme, want it hjoeddeiske gebou foldocht al lang net mear oan de easken fan dizze tiid.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by De Finke yn Koudum

Legionella

Sa binne de apparteminten foar de bewenners fierstente lyts en kin der net mear de soarch ferliend wurde, sa as dat hjoed-de-dei ferwachte wurdt. Ek hawwe se der regelmjittich lêst fan legionella yn de wetterlieding.

Sintrale wenkeamer

Yn de nijbouplannen wurdt De Finke opdield yn meardere appartemintsgebouwen mei elk in eigen sintrale wenkeamer. De apparteminten sels bestean út in badkeamer, in sliepkeamer en in wenkeamer. De gebouwen binne sa ynrjochte dat se ek geskikt binne foar minsken mei demintens.

It gebou op de foargrûn is de KAS (skaalmodel) - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Piet Zonderland fan Doarpsfernijing Koudum oer de KAS

Neist de wenningen komt der ek in los sintraal gebou, dêr't tal fan aktiviteiten yn oparbeidzjen mei it doarp opset wurde sille. Dit gebou, dat ek wol de KAS neamd wurdt, is ûngefear sa grut as in fuotbalfjild. Hjir moatte ûnder oare in tal winkels en soarchoanbieders yn komme, mar ek sil der bygelyks biljert wurde kinne. Doel is om foar mear yntegraasje fan de âlderein yn it doarp te soargjen.

De nijbouplannen kostje al mei al tusken de 15 en 20 miljoen euro.

(advertinsje)