Resinsje: "Rockopera Tommy"

14 sep 2018 - 21:00

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto?
Froukje Sijtsma

Wat is dyn funksje by Omrop Fryslân?
Redakteur en ferslachjouwer by Hea! en kultuer

Wat hasto mei kultuer?
Ik hâld bot fan lokaasjesteäter, benammen simmerdeis mei it seizoen fan de iepenloftspullen. Ik fyn it moai as keunstners doarre te eksperimintearjen. Fierder gean ik graach nei musea en hâld ik fan arthousefilms. It hoecht net allegear moai te wêzen, in ferhaal mei ek ferkeard ôfrinne en ta neitinken oansette.

Wêr hasto hinne west?
De premjêre fan Rockopera Tommy, yn Park Heremastate op De Jouwer.

Hoefolle stjerren?
Trije. Moai ferhaal mei in soad potinsje, dochs komt dat spitigernôch net folslein út 'e farve.

Trije stjerren foar Rockopera Tommy - Foto: Richard Hooghiemstra

Underweis yn de auto nei Rockopera Tommy op De Jouwer sit ik ris te tellen nei hoefolle foarstellingen ik it ôfrûne kulturele jier eins al west haw. 'Sjen yn it Tjuster', 'Matthäus Passion yn it Frysk', 'Wereldburgers aan de Voorstreek', 'Conference of the Birds', 'Lost in the Greenhouse,' 'Gabe Skroar', 'Oeds fan Fierwei', 'de Stormruiter'. En ik bin der grif noch in pear fergetten. In fantastysk kultuerjier mei stik foar stik unike foarstellingen en lokkich is it jier noch lang net foarby. Foarstellingen mei pure professionals, oaren útfierd troch amateurs út 'e mienskip. Hoe kritysk meie je eins wêze yn Fryslân as je sjogge wat tûzenen frijwilligers dit jier allegear al foarinoar bokst hawwe?

Park Heremastate

De ferwachtingen op 'e Jouwer binne yn alle gefallen heech dizze jûn. Nei 25 jier hat it doarp einlings wer in eigen iepenloftspul, en dan ek nochris op in fantastyske lokaasje: Park Heremastate. In moaie griene omjouwing dy't rom opset is en dochs ek hiel smûk is. De premjêre op tongersdeitejûn is folslein útferkocht, lyk as de oare twa foarstellingen op freed en sneon. Minsken wolle der dan ek wis fan wêze dat se in goed plakje hawwe.

In healoere foar't de 'poarten' iepen sille, stean de minsken al netsjes opsteld yn in lange rige. It is gjin straf. Mei in bierke, bakje kofje of tee wurdt der gesellich mei-inoar praat. De Jousters neist ús yn de rige witte it noch wol. Tommy wie in film dy't yn 1975 te sjen wie, basearre op de rockopera Tommy, dy't de Britske rockband The Who yn 1969 opfierde. Sels bin ik in bern fan de jierren tachtich, dat foar my gjin oantinkens oan de tiid dat de rockopera Tommy opfierd waard. Ik stap der jûn dan ek blanko en sûnder sintimint oan foarby fleine tiden yn.

Theun Plantinga spilet Tommy - Foto: Richard Hooghiemstra

Tommy, hearst my, sjochst my?

It ferhaal fan Tommy is in tryst ferhaal en tagelyk ek in suksesferhaal. Tommy, spile troch Theun Plantinga, wurdt berne as syn heit (Wybo Smids) op militêre missy is. Syn mem (Lianne Zandstra), dy't net wit oft har man noch libbet, krijt in nije freon. As de heit fan Tommy lang om let traumatisearre weromkomt nei hûs, wurdt er poer as er sjocht dat syn frou in nije flam hat. Hy sjit de man dea en ûnthjit pjut Tommy, dy't alles sjoen hat, dat er neat bard is. "Do hast neat sjoen, do hast neat heard. Hearst my, Tommy! Do hast neat sjoen en neat heard."

Dat is it momint dat Tommy hielendal yn himsels keard rekket. It jonkje praat net mear en liket dôf en blyn. Nei't Tommy's heit frijsprutsen wurdt fan de moard, pakke heit en mem de tried tegearre gewoan wer op. De jierren ferstrike en Tommy's heit wit net hoe't er syn soan berikke moat. Mem lit der allerhanne psychologen en terapeuten op los. As Tommy ek nochris misbrûkt wurdt troch syn omke, de broer fan syn heit, is de ellinde foar Tommy kompleet. Der komt lykwols in omkear as Tommy in stjer blykt te wêzen yn it spyljen op de flipperkast. Elk fynt him fantastysk en wol wêze lyk as him. Tommy is in held!

Drege tematyk

It tempo yn de foarstelling wurdt fuort yn it begjin goed ynset, troch meardere jierren yn ien sêne te fertellen. De muzyk soarget derfoar dat it ferhaal net gau ferfeelt. In grut part fan it publyk sil grif it ferhaal en de muzyk fan The Who kenne, foar my is it lykwols gjin bekende matearje. Dochs wurdt it ferhaal troch de lietteksten, dy't tekstskriuwer Peter Sijbenga spesjaal foar dizze rockopera oerset hat nei gongber en sjongber Frysk, wol dúdlik.

De trije haadrolspilers sjonge suver en de Snitser bigband Cue wit de sfear goed del te setten. Al is de Fryske sang betiden net goed nei te kommen, troch de yn ferhâlding te lûde muzyk. Dochs slagget dizze Fryske fertolking fan de rockopera der yn myn optyk net goed yn, om it publyk hielendal yn it ferhaal te sûgjen. Drege tema's as oarlochtrauma's, moard en it psychysk en seksueel misbrûken fan Tommy komme fluchtich foarby, wylst just dy eleminten Tommy makke ha ta de jonge dy't hy is.

Je krije wol begrutsjen mei Tommy, mar je wurde ek lilk op de âlden fan dizze jonge. Hoe kin in mem no bliid wêze dat har sweager net ferfolge wurdt foar misbrûk, as it om har eigen bern giet? En hoe kin se it libben folhâlde mei in tramatisearre man én bern? It toanielspul is goed, dochs ûntstiet der gjin echte yntimiteit mei de haadrolspilers.

Tommy is kening Flipperkast - Foto: Richard Hooghiemstra

Flipperjende kasten

Rockopera Tommy spilet him ôf yn in dekôr fan flipperkasten. Oan wjerssiden fan it poadium stean twa grutte skermen opsteld, dêr't ôfwikseljend bewegend byld op te sjen is, dat de ferskes fisueel stipet, lykas animaasjes fan stuiterjende ballen yn de flipperkasten. As sjogger wurdt it my ûndúdlik wat Tommy by eintsjebeslut no sa populêr makket. Elk wol him folgje, by him wêze en lyk as Tommy wêze.

Hoe kinne je wurde as Tommy? Oan Sanne, it famke dat hielendal idolaat fan him is, makket er dúdlik dat sy al is wa't se is en wa't se wurde sil. Sa einiget it stik en Tommy en syn heit en mem binne allegear wer senang mei-inoar. Wylst it publyk entûsjast oerein komt en in daverjend applaus jout, kom ik sels dochs ta de konklúzje dat ik net folslein boeid wurden bin troch it ferhaal.

It wie in moaie jûn, mei oansprekkende muzyk, akteurspul en goede sang. Dochs hie regisseur Rieneke de Haan de drege tema's better útwurkje mocht en it publyk better yn it ferhaal lûke kinnen troch de personaazjes steviger del te setten. En Park Heremastate is in prachtige lokaasje, dêr't hooplik flotter as oer 25 jier wer in iepenloftspul plakfine mei.

(advertinsje)