Doarpskeamer Gersleat-Polder lang om let iepen

14 sep 2018 - 19:36

De namme doarpshûs mei it eins net drage, mar dy funksje hat de nagelnije doarpskeamer fan Gersleat-Polder perfoarst wol. Nei jierren fan tinke, tekenje, rekkenje, jild garje en bouwe wie it freed sa fier: de doarpskeamer koe iepene wurde.

Doarpskeamer Gersleat-Polder - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Wethâlder Jelle Zoetendal fan It Hearrenfean wie ûnder de yndruk fan de grutte ynset dy't de frijwilligers hjir foar dien ha: hjir is de mienskip ècht sichtber. De sechstich húshâldingen fan Gersleat-Polder binne dan ek grutsk op harren eigen doarpskeamer.

Doarpskeamer Gersleat-Polder - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster wie by de iepening fan de doarpskeamer yn Gersleat-Polder

De doarpskeamer kombinearret de doarpshûsfunksje mei dy fan kantine en klaaikeamer fan VV Gersloot. Dat is de lytste fuotbalferiening fan Nederlân mei net mear 22 leden en ien alvetal yn de kompetysje.

(advertinsje)
(advertinsje)