FIDEO: Foeke Booy en Martijn Barto beprate Cambuur

14 sep 2018 - 18:05

By Sportklup Cambuur is it hosanna! De Ljouwerters ha dit seizoen noch net ferlern. Yn Fryslân Hjoed sjocht technysk direkteur Foeke Booy werom op de transfersimmer fan de Ljouwerters. Hoe is it om in keeper te ha dy't punten pakt? En Booy socht noch in spits, mar Karim Rossi docht it foarearst goed.

FIDEO: Booy en Barto beprate baljen

Oan tafel sit ek Martijn Barto. Hy naam in wike lyn ôfskied fan it Cambuurpublyk, mar bliuwt supporter. Ferslachjouwer Geert van Tuinen lit syn ljocht skine oer de prestaasjes fan Barto, wêrom't hy sa populêr wie by de supporters en oer hoe't Rossi it oant no ta docht.

(advertinsje)