Sel easke tsjin reiki-terapeut fanwege ferkrêfting

14 sep 2018 - 18:02

Tsjin in 68-jierrige man út Aldwâld is fjouwer moanne sel easke, omdat er as reiki-terapeut in kliïnte ferkrêfte ha soe. De frou siet tsjin in burn-out oan. By in terapysesje bedarre se op de massaazjetafel en giene de klean út. De terapeut siet doe oan har boarsten en geslachtsdiel.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte seit dat er gjin seksuele bedoelingen of gefoelens hân hat. Hy woe blokkades yn de enerzjystreamen yn it lichem fuortnimme. Dêr draait reiki om.

It slachtoffer hat neffens har advokaat noch bot lêst fan wat der bard is. De frou wol goed fiiftûzen euro skeafergoeding ha.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
rjochtbank ferkrêfting reiki
(advertinsje)