Oanbesteging behear Jouster swimbad giet net troch

14 sep 2018 - 17:56

It behear fan swimbad Swimfun op De Jouwer bliuwt gewoan yn hannen fan stichting de Stiennen Flier, as it oan de boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren leit. Dat makke wethâlder Durk Durksz freedtemiddei bekend by de weriepening fan it swimbad nei in ferbouwing. De gemeente is eigener fan it swimbad en de sporthal derneist.

By de weriepening fan it swimbad waard ek in nije maskotte presentearre. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Nei in perioade wêryn't de ferhâldingen min wienen, waard besletten om ek oare potinsjele behearders in kâns te jaan mei in oanbesteging yn 2020.

De yngong fan Swimfun. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Mar de ferhâldingen binne no wer goed en ek mei it swimbad giet it prima. Dêrom wol de gemeente it swimbad en de sporthal ûnderbringe yn in saneamd sportbedriuw mei de gemeente as iennige oandielhâlder. As de gemeenteried it dêr mei iens is, kin de nije konstruksje op 1 jannewaris 2019 úteinsette.

(advertinsje)