Krieëfangkoai ferbean yn Fryslân

Jagers meie tenei gjin swarte krieën mear fange mei in saneamde fangkoai. De Ljouwerter rjochtbank hat de Faunabeskerming freed yn it gelyk steld. Dy klup hie in saak oanspand tsjin it beslút fan de provinsje Fryslân om de swarte krie te fangen en ôf te meitsjen.
© ANP
It fangen fan de krieën mei in fangkoai soe neffens de provinsje nedich wêze om greidefûgels te beskermjen tsjin de swarte krie. De Faunabeskerming seit dat út wittenskiplike rapporten blykt dat it deadzjen fan krieën gjin effekt hat.