Selstraf easke tsjin Snitser searje-ynslûper

14 sep 2018 - 16:02

It Iepenbier Ministearje wol dat in 41-jierrige "searje-ynslûper" út Snits tritich moanne de finzenis yn giet foar acht stellerijen yn Snits, Ljouwert en Grins. Dat barde dit foarjier. Fan dy tritich moanne finzenis binne der tsien ûnder betingst. Nei't de Snitser syn straf útsitten hat, soe de man in jier lang nei de ferslavingsklinyk moatte.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

De Snitser kaam yn maart frij nei't er in finzenisstraf útsitten hie fan 21 moannen foar ynbrekkerij. Doe't er frijkaam, gie er direkt wer de fout yn. Dêrby rjochte hy him benammen op it stellen fan laptops, telefoans en portemonnees. Hy stiel fan in meiwurker fan it MCL, by de Pinkstergemeente yn Snits en yn it Universiteitsgebou en hotels yn Grins. Hy kaam faak binnen om't doarren net goed ticht sieten of troch de draaiduorren fan hotels.

Op kamera

Yn Grins waarden syn dieden fêstlein op kamera. Nei ferskate oanjeftes, waard de keppeling lein mei syn ynbrekkerij yn Fryslân. Op de sitting freed joech er it stellen ta. Hy sei dat it syn rêding is, dat er foarkomme moast. "Alle hulp neem ik aan", sei er. "Ik ben ziek."

De útspraak fan de rjochter is oer twa wiken.

Trefwurden: 
stellerij
(advertinsje)