Privacymaatregels learlingeferfier Witteveen helpe

14 sep 2018 - 15:45

Taksysentrale Witteveen hat passende maatregels naam om foar te kommen dat privacygefoelige gegevens op strjitte komme te lizzen by it útfieren fan it learlingenferfier foar De Fryske Marren. Dat docht bliken út de ûndersyksresultaten dy't tongersdei nei de gemeenteried stjoerd binne. Earder hie Witteveen de privacybeskerming net goed regele.

Foto: ANP Foto

Ut it ûndersyk docht bliken dat Witteveen op klanttefredenheid in rapportsifer fan in 7.3 krijt. Dat is 0,2 punten leger as it sifer dêr't de gemeente graach op útkomme wol. Dat komt omdat 38 prosint fan de ûnderfrege âlden fynt dat sjauffeurs fan Witteveen noch net genôch ôfwitte fan de doelgroep dy't sy ferfiere. En 32 prosint fan de heiten en memmen jout oan net tefreden te wêzen oer hoe lang de reis duorret.

(advertinsje)