Reorganisaasje by Fryske Akademy: "Wy sakje troch it iis"

14 sep 2018 - 15:02

De Fryske Akademy moat flink reorganisearje. Dat wie it boadskip fan ynterimbestjoerder Willem Smink freed op de jierlikse Akademydei. Der moat in lytsere fêste stêf komme, minder overhead en mear fleksibele ynset fan personiel. "As wy sa trochgeane dan sakket de Fryske Akademy oer in pear jier troch it iis. Dus wy moatte echt oan de slach om in oplossing te finen."

Twongen besunigingen

De omfang fan de stypjende stêf en de posysje fan it managementteam binne de wichtichste punten dêr't op besunige wurde moat. By de Fryske Akademy binne no noch 30 fte's fêst en 10 fte's fleksibel. De begrutting fan it wittenskiplike ynstitút is 3,5 miljoen euro yn it jier, mar de Akademy komt elk jier 3,5 oant 4 ton tekoart. Der moatte nei ferwachting 5 oant 6 fte's út. Smink slút twongen ûntslaggen net út.

"De finansjele situaasje by de Fryske Akademy is min", jout de ynterimbestjoerder ta. "Binnen in pear jier sakje wy troch it iis as it sa trochgiet, dus der moat echt in reorganisaasje trochfierd wurde om mei minder kosten ús wittenskiplik wurk te dwaan."

Flinke impact

De reorganisaasje hat in flink effekt op de meiwurkers. Smink: "Der is in grut besef by it personiel dat der wat barre moat. Wy moatte echt oan de slach om in oplossing te finen."

Smink docht dan ek in oprop oan provinsje en Ryk om ekstra finansjele stipe. "De rol fan de Fryske taal, meartaligens en de regionale skiednis is hiel belangryk foar Fryslân. Dêr heart in goede wittenskiplike akademy by."

Der is in grut besef by it personiel dat der wat barre moat.

Ynterim-bestjoerder Willem Smink

Fokus

De fokus bliuwt lizzen op dizze trije pylders. Dêryn wurdt net besunige, seit Smink ta. "Der is gjin ien oars yn ús lân dy't dat foar Fryslân docht. Sterker noch: de ôfrûne jierren is de oandacht foar it Frysk by de Nederlânske universiteiten fan 8,3 formaasjeplakken nei 2 weromsakke. Dus wy moatte dy taak no dwaan en dat bliuwe wy ek graach dwaan, want it is in prachtich moaie saak."

Nije Akademyleden

Op de Akademydei waarden ek fjouwer nije Akademyleden beneamd. It giet om festivalorganisator Sjoerd Bootsma, skriuwer Sytse Buwalda, psycholooch Douwe Draaisma en histoarikus Joop Koopmans.

Skripsjepriis 2016-2018

Levi R. Damsma krige op de Akademydei de Skripsjepriis 2016-2018 útrikt. Hy wûn de priis besteande út in jildbedrach fan tûzen euro foar syn masterskripsje 'Middelnederlandse invloeden in het Oudwestfriese Oud Schoutenrecht uit Codex Unie'.

De Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. It ynstitút is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

Waarnimmend direkteur-bestjoerder Smink oer de jildpine

(advertinsje)