50.000ste besiker beklimt de Aldehou

14 sep 2018 - 14:22

Heidy Boldt út it Dútske Worms waard freedtemoarn feestlik ferrast doe't se de Aldehou yn Ljouwert beklimme soe. Se blykte de 50.000ste besiker fan dit jier te wêzen.

Foto: Elke Stuttje/HCL

Toerwachter William Lord oerlange har in blomke. Ut hannen fan HCL-direkteur Geart de Vries krige Boldt boppedat in goodybag mei boeken.

Boldt heart by in groep ynternasjonale Soroptimisten, dy't in besite fan in pear dagen oan Ljouwert bringe.

Trefwurden: 
Ljouwert Aldehou
(advertinsje)