FIDEO: Fryske derby libbet bot: "Hjir dogge je it foar"

14 sep 2018 - 14:14

It is op it stuit dé wedstriid yn it Fryske fuotbal. No't Cambuur en Hearrenfean mekoar net tsjinkomme, giet de Fryske fuotbalderby tusken ONS Snits en Harkemase Boys. De wâldpiken tsjin de Snitser stedsjers. It is de wedstriid fan de wike by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

De wedstriid fan de wike is in nij konsept by de Omrop. Alle wiken wurdt der ien wedstriid keazen, dy't ekstra omtinken krijt. De eare foar de alderearste wedstriid fan de wike giet nei ONS Snits en Harkemase Boys. Dizze wedstriid is sneontejûn live te folgjen op de radio, op ynternet is der in live-blog en nei ôfrin is de gearfetting te sjen op de webside en yn de Omrop-app. Ek wurdt der foar de wedstriid op Facebook foarútsjoen mei de beide trainers.

Wedstriden tusken ONS Snits en Harkemase Boys hawwe eins altyd wol wat bysûnders. Sa makken fans fan de Snitsers yn 2013 de middenstip oranje op Sportpark De Bosk. "It is altyd mekoar de loef ôfstekke", seit Ale de Boer, oanfierder fan ONS en ald-spiler fan Harkemase Boys. "Mar it giet om wa't de bêste fan Fryslân is op it heechste amateurnivo. It is altyd wer in bysûnder potsje."

ONS Snits-spiler Ale de Boer en Harkemase Boys-spiler Henny Bouius - Foto: Omrop Fryslân

We kamen yn de kantine en it gie fuortendaliks oer oankommende sneon

Harkemase Boys-oanfierder Henny Bouius

By Harkemase Boys hat Henny Bouius him yntusken opwurke oant ien fan de wichtigere krêften. It is it fiifde seizoen fan Bouius by de Harkiten. Hy wit hoe wichtich de wedstriid tsjin ONS Snits is, mar hoe sit dat mei syn nije teamgenoaten? "De fêste kearn wit it belang fan de wedstriid wol. It earste dat sein wurdt tsjin de nije jonges is dat de wedstriid tsjin ONS dé wedstriid is."

Op De Bosk prate se al de hiele wike oer it treffen mei de Snitsers. "Ofrûne sneon nei de wedstriid kamen we yn de kantine en it gie fuortendaliks oer oankommende sneon. Dat is de wedstriid dêr't it om giet. Dat fernimst by de supporters wol."

In reportaazje oer de Fryske derby

(advertinsje)