Freedsmerk oer keapkrêft: "Jo krije in dûbeltsje, mar se pakke in kwartsje"

14 sep 2018 - 14:00

Wy gean der mei ús allen hast allegear 1,5% op foarút, takom jier. Dat is alteast ien fan de nijsfeiten út de Miljoenennota dy't op Prinsjesdag bekend makke wurdt, mar dy't tradysjegetrou al wer útlekt is. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de measte reaksjes foarsichtich: "Earst sjen, dan leauwe!"

Kassa - Foto: Shutterstock.com

Ik leau it net earder as dat ik op myn rekkening sjoch.

In krityske freedsmerkbesiker

"Ik leau it net earder as dat ik op myn rekkening sjoch", fertelde immen. "Is dit een boodschap van Rutte? Dan geloof ik hem niet. Die man is bepaald niet in zijn eerste leugen gestikt".

Ik bin al bliid en tankber dat ik in útkearing krij!

In jonge frou mei in útkearing

In jonge frou mei in útkearing hie al sjoen dat sy der wat minder by krijt: 0,9%, mar se woe net sizze dat se dat ûnearlik fûn. "Ik bin al bliid en tankber dat ik in útkearing krij!"

Sa lang't we noch in stikje bôle ha mei wat der op, dan ha we neat te kleien.

In tefreden senior

Ien fan de keaplju ferwachtet dat dit keapkrêftplaatsje net folslein is: gas wurdt djoerder, de benzinepriis giet omheech, de soarchfersekering wurdt folle djoerder. "Wy krije in dûbeltsje, mar se pakke in kwartsje!"

In wize les kaam noch fan in tefreden senior: "Sa lang't we noch in stikje bôle ha mei wat der op, dan ha we neat te kleien. Toch?"

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert

Trefwurden: 
freedsmerk keapkrêft
(advertinsje)