Plysje-aksjes foarearst fan de baan

14 sep 2018 - 13:20

Der is in ûnderhannelingsresultaat berikt tusken de plysjebûnen en de oerheid oer in nije plysje-cao. De oankundige aksjes binne dêrmei fan de baan. "Wy binne net ûntefreden", konkludearret Anne Louwsma fan it plysjefakbûn. "Dat is foar ús reden om de foarnommen aksjes foarearst út te stellen."

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

It ynkommen fan plysjemeiwurkers giet yn trije jier tiid mei goed 8 prosint omheech. Boppedat krijt de plysje dit jier en takom jier foar ien kear in bedrach fan 400 euro. Dat melde plysjebûnen NPB en ACP.

Pensjoenregeling

Noch net oer alle punten is tefredenheid. Sa is de pensjoenregeling noch altyd in punt fan diskusje. "Dêr wurdt letter noch oer praat, mar dit punt ha wy earst efkes parkearre", leit Louwsma út. "Wy woene it akkoart net strûkelje litte oer dizze lêste ûnderhannelingspunten."

De ûnderhannelingsresultaten wurde no earst foarlein oan de leden fan de plysjefakbûnen. Ofhinklik fan harren reaksjes komt der al of net in nije cao.

Koart pleit

Minister Grapperhaus fan Justysje hie in koart pleit oanspand tsjin de foarnommen plysje-aksjes, omdat de iepenbiere feilichheid neffens him net genôch garandearre wie. Dy rjochtsaak giet no dus net troch. Freedtemoarn wiene de plysjefakbûnen en it ministearje it noch ûniens. Se binne der op it alderlêste momint dus dochs útkaam.

Tank foar begryp

Louwsma betanket yn it bysûnder alle minsken dy't de ôfrûne tiid begryp toand hawwe foar de plysje-aksjes. "Dêr binne wy hiel wiis mei", sei er yn it radioprogramma No yn Fryslân.

Anne Louwsma fan it plysjefakbun

Martin Weening oer plysje-cao

Weening siet as frijwilliger yn it aksjekomitee fan it Nederlânske Plysjebûn
(advertinsje)