Gemeente Ljouwert set 'fytscoaches' yn op stasjonsplein

14 sep 2018 - 13:12

It is de gemeente Ljouwert in toarne yn it each: de ferkeard parkearde fytsen op it stasjon. Der is in grutte, moderne en bewekke stalling yn de kelder, mar it fytsprobleem is noch net fan de baan.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fan moandei ôf stean saneamde fytscoaches op it stasjonsplein. Sy sille de 'foutparkearders' derop wize dat se de earste 24 oere fergees har stielen ros yn de fytsestalling mei tafersjoch sette kinne. Dernjonken fertelle se dat it 25 euro kostet om de fyts op te heljen nei't er ferwidere is. Ferkeard parkearde fytsen wurde tydlik delset yn de stalling.

Moandeitemoarn sil wethâlder Friso Douwstra doeken ophingje om fytsers te wize op de stalling.

Trefwurden: 
Ljouwert stasjon fytscoach
(advertinsje)
(advertinsje)