Yngreven opknapte Ryksstrjitwei Hurdegaryp weriepene

It doarp Hurdegaryp is wer ien. De âlde Ryksstrjitwei dy't it doarp al tsientallen jierren opsplitste, is net mear. De ôfrûne moannen is de dyk op'e skeppe gong. It âlde asfalt is der úthelle en dêrfoar yn it plak leit der no in klinkertdyk.
Yngreven opknapte Ryksstrjitwei Hurdegaryp weriepene
Sûnt in pear jier is de rûnwei om Hurdegaryp hinne iepen. De dyk is ûnderdiel fan de Sintrale As. Nei de iepening kearde de rêst werom yn it doarp. Rieden der yn it ferline alle dagen noch sa'n 20.000 auto's troch Hurdegaryp, no noch mar in pear tûzen.
"Troch de werynrjochting is it doarp wer ien wurden", seit Eddy van der Heide fan doarpsbelang. "Yn it ferline hiene je de noardside fan de Ryksstrjitwei en de rest. No is dat part der eins wer folslein bylutsen."
Troch de werynrjochting is it doarp wer ien wurden.
Eddy van der Heide, doarpsbelang Hurdegaryp
Undernimmers dy't lâns de dyk sitte, ha gjin lêst fan minder klanten, seit Van der Heide. "Ik spruts lêst de eigener fan meubelsaak Neef. Hy is der wol bliid mei want hy sei dat it der op liket dat minsken no fan de dyk doarre te kommen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De folsleine werynrjochting fan Hurdegaryp is noch net klear. Wethâlder Rommert Dijk fan Tytsjerksteradiel: "We bin noch dwaande mei de werynrjochting fan it stasjonsgebiet. Dêr komt in tunnel ûnder it spoar en de stopljochten yn de rûnwei meitsje plak foar in rotonde." Dat wurk is takom jier ôf.
Hayo Bootsma sjocht yn Hurdegaryp