Wurksumheden oan de N31 soargje foar ûnfeilich gefoel

14 sep 2018 - 12:19

In soad ferkearsdielnimmers fiele har ûnfeilich op de N31 as der wurke wurdt oan de dyk, wêrtroch't oare automobilisten ûnferwachte reagearje. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rijkswegen Noord, ûnderdiel fan Rykswettersteat. It ûndersyk rjochte him op it wurk oan de N31. Benammen in te hege snelheid, bumperkleven en ûnwis rydgedrach soargje foar in ûnfeilich gefoel. Automobilisten fine it wichtich dat hjir omtinken foar is.

Foto: Google Street View

Ut it ûndersyk fan Rijkswegen Noord komt ek nei foarren dat automobilisten har benammen oan de maksimum snelheid hâlde as se minsken oan it wurk sjogge of as se ferhalen lêze oer ûnderfinings fan minsken dy't oan de dyk wurkje.

(advertinsje)