Minister wol mei âlden omkommen militêr Poortema prate

14 sep 2018 - 12:13

Minister Ank Bijleveld fan Definsje wol om tafel mei de âlden fan de yn Afganistan sneuvele militêr Aldert Poortema fan Drylts.

Foto: Omrop Fryslân

De 22-jierrige Poortema kaam yn jannewaris 2008 yn Uruzgan tegearre mei kollega Wesley Schol om it libben troch eigen fjoer. De âlden fan Poortema wolle witte yn hoefier't de dea fan harren soan foarkaam wurde kinnen hie.

Ut ûndersyk die letter bliken dat it befel om te sjitten jûn waard op in momint dat net ien wist wêr't Poortema en Schol krekt stiene. De âlden fan Poortema hawwe earder besocht om fia in rjochtsaak de ferantwurdlik kommandant te ferfolgjen.

De eask waard yn 2010 ôfwiisd. Earder dit jier krigen de âlden in anonime brief wêryn't stie dat de kommandant nea útsjoerd mocht wurden hie. De advokaat fan de âlden hat no op 'e nij in petear oanfrege mei Definsje. Minister Ank Bijleveld hat oanjûn dêr op yngean te wollen.

Trefwurden: 
definsje Poortema
(advertinsje)