Boargemaster Crone slút wente Ljouwert om himpkwekerij

14 sep 2018 - 11:54

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat in wente oan de Bernhardus Bumastrjitte sletten. Der is in himpkwekerij fûn.

Foto: Public Domain Pictures

Yn de wente wie in kwekerij mei 230 himpplanten. Om't it om drugs giet dy't yn de striid binne mei de Opiumwet, hat boargemaster Crone it foech om it hûs te sluten. Crone wol mei dit soarte fan aksjes drugshannel tsjingean en oerlêst yn wenwiken foarkomme.

Crone hat ferline wike ek al in drugspân yn Ljouwert sletten. Dat wie oan de Valeriusstrjitte.

Trefwurden: 
Ljouwert Ferd Crone himp
(advertinsje)