Achmea skaft beoardielingspetearen ôf: it soe demotivearjend wêze

14 sep 2018 - 10:39

Achmea, mei ûnder oare in kantoar yn Ljouwert, skaft de formele beoardielingspetearen ôf. De fersekerder kiest foar in mear fleksibele oanpak.

Foto: Omrop Fryslân

De meiwurkers moatte fan 1 jannewaris ôf sels ôfspraken meitsje mei har liedingjaanden. It is de bedoeling dat se hieltyd yn petear gean oer harren prestaasjes, resultaten en ûntwikkeling. Neffens Achmea docht út ûndersyk bliken dat it âlde systeem net goed wurket.

De fersekerder brûkt no noch in jierliks plannings-, funksjonearings- en beoardielingspetear. Oan de ein fan it jier krije de wurknimmers in sifer fan 1 oantenmei 5. Dêr sit in bepaalde leansferheging oan fêst. Dy skoare soe in goed petear yn 'e wei stean en ek demotivearjend wurkje. De beleanning wurdt tenei loskeppele fan it funksjonearjen. Dêr wurdt mei de fakbûnen noch nei sjoen. Mooglik wurdt dat in fêste leansferheging.

Trefwurden: 
Ljouwert Achmea
(advertinsje)
(advertinsje)