Sander de Rouwe listlûker fan it CDA yn Provinsjale Steaten

14 sep 2018 - 09:54

Sander de Rouwe fan Boalsert wurdt op'e nij de listlûker fan it CDA yn Provinsjale Steaten. Dat hat de partij freedtemoarn bekendmakke.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De Rouwe liede de partij ek by de ferkiezings yn 2015. Doe waard it CDA de grutste partij mei 9 sitten. De Rouwe waard mei Sietske Poepjes út Makkum ien fan de twa deputearren yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. Poepjes stiet op de list foar de ferkiezings yn maart 2019 op it twadde plak.

Sander de Rouwe

De hjoeddeiske fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan Ljouwert hat it tredde plak krigen. De heechste nijkommers binne Aebe Aalberts fan Damwâld op fiif en Attje Meekma fan Sibrandahûs op seis. By de ferkiezings foar it wetterskip wurdt de CDA-list lieden troch Bé de Winter fan'e Jouwer. Hy sit no al yn it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

(advertinsje)