Dongeradiel is te let mei reaksje, Aldi yn Dokkum mei no útwreidzje
De gemeente Dongeradiel hat net op tiid reagearre op in fergunningsoanfraach fan supermerk Aldi om it pân oan de Hegedyken út te wreidzjen.
Dat betsjut dat de omjouwingsfergunning dan automatysk ferliend wurdt. As der op tiid kommunisearre wie nei Aldi ta, dan wie de fergunning wierskynlik net ferliend. Om de ûntwikkeling mooglik te meitsjen, moat Dongeradiel ôfwike fan it bestimmingsplan.
Ferantwurdlik wethâlder Albert van der Ploeg hat tongersdei ekskús oanbean by de kommisjegearkomste.