Atlete Hinke Schokker hat no wol in wedstriidlisinsje

Hurdrinster Hinke Schokker (34) fan Eastermar hat sûnt tongersdei in wedstriidlisinsje. Sy wûn ferline wike de Run van Winschoten, mar waard gjin Nederlânsk kampioen.
© De Vries Media
Se hie nammentlik gjin lisinsje. Al tocht Schokker wol dat se dy hie. Yn it mailferkear wie wat mis gien. "Dejinge dy't dêr oer gie, wie op fakânsje, dus is it lizzen bleaun. Mar ik ha no in mail krigen dat it yn oarder is", seit Schokker. Har trainer Hugo Veenker hat by Schokker har club, AV Heerenveen, in oanfraach dien foar in lisinsje.
Hinke Schokker rapste oer 100 kilometer: "Ik hie noait tocht dat ik him útrinne soe"
Schokker kaam by de Run van Winschoten binnen yn in tiid fan 8 oeren en 34 sekonden. De wedstriid gie oer 100 kilometer. De nûmer twa kaam goed trije kertier letter oer de streek. It wie de twadde tiid ea, mar in pear minuten boppe it rekôr. De Atletiekunie erkent de tiid net omdat se gjin lisinsje hie. Ynternasjonaal giet de prestaasje fan Schokker wol de boeken yn, omdat de Run in iepen ynternasjonale wedstriid is.
Schokker docht sneon mei oan de maraton fan Berlyn. De maraton start al om 9 oere.