306 Squadron werom op fleanbasis Ljouwert
De loftmacht krijt wer in ûnderdiel werom. It 306 Squadron wurdt freed offisjeel op 'e nij oprjochte op fleanbasis Ljouwert. Dat bart troch de oerdracht fan it squadron-findel oan de kommandant fan de basis.
306 Squadron werom op fleanbasis Ljouwert
Under dit squadron falle de fjouwer ûnbemande fleanmasines, de MQ-9 Reaper-drones, dy't yn 2020 komme.
Definsje is al langer dwaande mei de weroprjochting fan it squadron. Byldanalisten en ynljochtinge-spesjalisten fan de ienheid yn oprjochting leverje al sûnt ein 2016 in bydrage oan de striid fan de ynternasjonale koälysje tsjin terreurgroep IS yn it Midden-Easten.
Harkje nei de reportaazje fan Hayo Bootsma
It 306 Squadron waard yn 1953 op fleanbasis Volkel oprjochte as foto-ferkenningsienheid. It wie yn de jierren njoggentich ûnder oare aktyf yn de oarloch yn it eardere Joegoslavië. Letter wie de ienheid belêste mei de oplieding fan piloaten. It squadron waard yn 2010 de-aktivearre.