Kollum: "Sexting en sa"

14 sep 2018 - 07:51

"Der wurdt nochal misbrûk makke fan minsken dy't harren online bleatjouwe. De ôfrûne wiken is der warskôge datst op dyn hoede wêze moast mei Tinder en datst mei sexting ek útsjen moatst. Foar de minsken dy't net witte wat dat is; Tinder is in datingsite en sexting betsjut seksy foto's en teksten ferstjoere. En wa't no noch gjin idee hat: lokwinske! Moai sa hâlde.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Der binne bygelyks manlju, dy't tinke dat se in match op Tinder ha, mar dan blykt it in krimineel te wêzen dy't him foardocht as in frommes. Dat kin sels safier gean dat de neatfermoedzjende man seksuele hannelingen foar de kamera ferrjochtet, mar dêr letter mei sjantearre wurdt. It naait derút, online. Ik freegje my ôf wêr't it kwakje dan bedarret.

De plysje warskôget benammen de jongerein foar de gefolgen fan sexting omdat dêr ek omraak misbrûk fan makke wurdt. Ik fyn it sneu foar de minsken dy't sjantearre wurde, mar hoe hellest it yn fredesnamme yn dyn holle om dysels letterlik sa bleat te jaan?

In pear moanne lyn krige ik in mailtsje dêr't yn stie dat ik mar efkes rap jild oermeitsje moast omdat se bylden fan my hiene dêr't ik mysels yn befredige foar de webcam. Die ik dat net, dan hie ik in probleem. Doe't ik it lies, oerkaam my in gefoel fan ûnleauwen en lilkens, mar ek fan ferromming. Want lokkich doch ik soks net en ik ha ek net iens in webcam.

Ik hoegde my dus nearne drok om te meitsjen, mar de lju dy't it wolris dien ha, binne har grif de 'rambam' skrokken nei sa'n mail. En wat ek in aaklike loaie kriminelen binne der hjoeddeis. Dêr't se eartiids troch waar en wyn moasten om yn te brekken of immen te berôvjen en dêrtroch sels ek risiko's rûnen, sitte se no op de loaie reet efter de pc in oar it libben soer te meitsjen.

Sexting skynt ek hiel gewoan te wêzen. Mar stel dat de ien of oare mafkees in foto makket fan syn odol en dy nei it ferkearde nûmer stjoerd? Ik krige de ôfrûne wike ek trije foto's fan in man dy't ik net koe. 'Sorry, verkeerde Hilda,' kaam efter de foto's oan. No wiene dit ûnskuldige tafrielen, mar it sil dy dochs barre. Dan hast ynienen in #Me Too fia WhatsApp.

We libje wat dat oanbelanget bêst wol yn in nuvere wrâld. In skoft lyn krige ik fia Messenger in priveeberjocht dêr't ik yn útnûge waard foar in klub mei freonen tusken de 19 en 71 jier. Se hiene ien kear yn 'e moanne kinky feestjes. 'Lingerie, sauna, buitenseks, drankje doen, lekker kletsen en friemelen' en it buffet koste mar 20 euro.

'Minsken noch oan ta!' tocht ik lûdop doe't ik it lies. 'Hoe kom ik hjir no wer oan?' Mar benammen, hoe kom ik der ôf? Ik wol hielendal net nei feestjes mei rinnende 'befetten'. Ik fyn it al freeslik as in frjemde my samar trije tuten jout, lit stean oan my begjint te frommeljen. Klap op syn harses kin er krije! Dus ik ha mar in berjocht werom stjoerd dat soks neat foar my is en dat ik harren in soad wille tawinskje.

Ast it aardich fynst, dan moatst it foaral dwaan. Dochs is it hjoeddeis bloedlink om neaken of healneaken eat te dwaan mei frjemde minsken. Foardatst it witst sit der sa'n etterbak tusken dy't stikem foto's en filmkes makket. Der wurdt fan alles útfûn om seks te hawwen of in orgasme te krijen mar ik yt gewoan thús, mei de gerdinen ticht.

En foar wa't net wit wat in odol is it is stiif en krekt wekker. Goeiemoarn!"

(advertinsje)