"Soargje foar draachflak oer arbeidsmigranten yn Waadhoeke"

De gemeente Waadhoeke wol dat der op koarte termyn mear mooglikheden komme foar de húsfêsting fan arbeidsmigranten yn de regio. Dat is it plan fan it kolleezje. Begjin dit jier hat de gemeenteried ynstimd mei nij húsfêstingsbelied foar arbeidsmigranten, mar it kolleezje wol dat belied no ferromje. De FNP hat dêr tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste fragen oer steld.
© Omrop Fryslân
Earder dit jier hat de nije gemeente it belied fan de trije âlde gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel harmonisearre. Dat belied giet oer de húsfesting fan arbeidsmigranten út lannen as Poalen en Grikelân. Mei it belied wol Waadhoeke foarkomme dat de arbeidsmigranten allegearre byinoar yn ien strjitte wenje, want dat is neffens de gemeente net goed foar de yntegraasje.
Sijbe Knol fan FNP Waadhoeke
"It is net in ideaal belied", sa seit Sijbe Knol fan de FNP. "Der moat gjin kwotering foar in doarp mear wêze. Tsien persint mei ferhierd wurde oan arbeidsmigranten. Dat kin yn hannen komme fan ynvestearders. Der binne minsken dy't de strjitten by delrinne en huzen keapje foar migranten. Dy minsken moatte fansels in plakje ha en wy snappe dat it kolleezje wat feroarje wol yn it belied, mar soargje wol foar draachflak." In oare oplossing kin wêze dat de gemeente wurknimmers by de wurkjouwers sels pleatse. Sy kinne harren dan ek ynskriuwe by de wenningbou. "Dy minsken wolle dan ek langer hjir bliuwe."
Gean it petear oan mei it doarpsbelang en jou elkenien de romte.
Sijbe Knol fan de FNP
Draachflak is der no krekt net, neffens Knol. De mienskip wurdt neffens him net genôch meinaam yn de beslútfoarming. "Gean it petear oan mei it doarpsbelang en jou elkenien de romte om der wat fan te finen. As jo in kar meitsje moatte, wolle wy alle foars en tsjins witte. Dit leit polityk gefoelich en dêr moatte jo rekken mei hâlde. Oars kinst net op draachflak fan de mienskip rekkenje. Jo moatte de minsken hifkje."
De fragen dy't de FNP steld hat, moatte neffens Knol eins in plak krije yn in iepenbiere gearkomste. De gemeente hat ek in kearnteam foar ûnderwerpen dy't libje yn de mienskip. "Dêr moat dit in plakje krije, mar it kolleezje is dat net fan doel. De ried koe it sels wol op de aginda sette. Dat sille wy ek wol dwaan."
Op hokker termyn dat barre moat, wit Knol ek net. Hy wol der gjin datum oan fêstplakke. "Wy moatte hjir foarsichtich mei omgean en de minsken deryn meinimme. As der mar draachflak is."