"Opdoeken sneinsteam kostet VV Zwaagwesteinde leden"

13 sep 2018 - 23:12

It beslút fan VV Zwaagwesteinde om op te hâlden mei it fuotbaljen op snein kostet de feriening leden. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik op de ynformaasjejûn fan it bestjoer. Op dy ynfojûn joech it bestjoer tekst en útlis oer it beslút om it lêste sneinsteam werom te lûken út de kompetysje.

Foto: Omrop Fryslan

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de ynrinjûn

Op de jûn kamen sa'n 60 minsken ôf. Guon dêrfan kamen mei stevige krityk op it bestjoer. Sy fine dat it bestjoer der te min oan dien hat om fuotballers fan it sneinsteam fêst te hâlden. Mar neffens foarsitter Klaas Hoekstra koe de klup net oars. It tal beskikbere fuotballers foar de snein is mei trettjin fierstente lyts om in folweardich team op te stellen.

Doe't dúdlik waard dat foar de earste útwedstriid tsjin Kloosterburen yn Grinslân mar njoggen spilers beskikber wiene, koe it drege beslút gau naam wurde: weromlûke út de kompetysje.

Foto: Omrop Fryslan

Hoekstra hopet dat de sneinsspilers no oerstappe nei de sneonsôfdieling fan VV Zwaagwesteinde, mar dêr liket it net op. Ferskate spilers fan it earste binne al yn petear mei VVT út Twizelerheide om dêr fierder te fuotbaljen.

Skellerij

Op de emosjonele ynrinjûn yn de fuotbalkantine waard skolden en flokt, mar der waarden ek oantinkens ophelle oan de jierren 50 en 60. Doe wienen 'de Readsjes' yn de earste klasse 'Angstgegner' foar ferskate topklups yn it amateurfuotbal.

Thús- en útwedstriden lutsen gauris tûzenen minsken. Dat moast wol op snein, want boufakkers wurken yn dy tiid noch fan moandei oant en mei sneon.

Der komt in momint dat it net oars kin.

Foarsitter Klaas Hoekstra

"It is in pynlik beslút, ek foar my", seit foarsitter Klaas Hoekstra. "Mar as de belangstelling hieltyd wer weromrint, dan komt in momint dat it net oars kin."

Ald-fuotballer Sije Heidstra kin wol begryp opbringe foar it beslút fan it bestjoer. "Fiif jier lyn drige dit ek al. Doe is it slagge om in trochstart te meitsjen. Mar as de jonges net mear traine en fuotbalje wolle, dan hâldt it op."

Heidstra wie nei syn aktive karriêre ek jierrenlang trainer en bestjoerslid. Hy hat wol muoite mei de mentaliteit fan de fuotballers fan no. "Ik hear wolris dat guon net traine wolle, omdat se har jierdei ha. Dat hoegden wy ús earder net yn 'e holle te heljen. Traine wie belangryk, mar tsjintwurdich hat de jeugd tefolle oare dingen."

Ljochtpuntsje

Foarsitter Klaas Hoekstra joech tongersdei ta dat it drege, histoaryske beslút syn klup grif leden en fans kostje sil. Dochs sjocht er ek ljochtpuntsjes: mei de frouljusôfdieling fan VV Zwaagwesteinde giet it wol goed, mar dy fuotbalje dan ek op saterdei.

(advertinsje)