Bernesykten mar ek tefredenheid oer nije wenningen Sint-Anne

13 sep 2018 - 22:39

De bou sit al in skoftke wer yn de lift en ek it doarp Sint-Anne is drok dwaande mei útwreidingen. Sûnt koart hat it plak der 32 'levensloopbestendige' wenten bykrigen. Dat binne wenten dy't ek hiel geskikt binne foar senioaren, want de sliep- en badkeamer sitte gewoan ûnder. De nijbouwenten binne boud troch Jorritsma Bouw en binne yn behear by Wonen Noordwest Friesland.

Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei in reportaazje fan Onno Falkena

De nije wenten sjogge der op it earste gesicht moai út, en de bewenners binne ek tefreden oer harren nije dak boppe de holle. Dirkje de Vries is ien fan de bewenners fan de nije wenningen: "De nije wenning foldocht prima, ik haw allinnich wat in te grutte tún, en dy sit fol stiennen. Dus dêr sit ik wol wat oer yn."

De tún fan frou De Vries is net it iennige punt fan soarch foar de bewenners. Ek de wenningen sels binne noch net folslein ôf, sa sizze oare bewenners. "Als ze zeggen dat dit af is, dan is het niet best!" seit ien fan harren. Sa binne der mankeminten as skuorren yn ruten.

Monitoarje

Direkteur Rein Hagenaars fan wenningstichting Wonen Noordwest Friesland is bekend mei de 'bernesykten' dy't de bewenners oandrage. "We maken het bij meerdere projecten mee, en dus hebben we afspraken met de aannemer zodat die kinderziektes in de eerste maanden opgelost kunnen worden." De kommende trije moannen krije de bewenners de kâns om harren klachten troch te jaan sadat de meiwurkers fan Wonen Noordwest-Friesland de oannimmer derop oansprekke kinne.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)