Unrêst by bewenners Emmakade Ljouwert om fytspaad

Bewenners fan de Emmakade ZZ yn Ljouwert hawwe grutte muoite mei de werynrjochting fan de strjitte. De Emmakade is ûnderdiel fan it haadfytswegennet fan de gemeente Ljouwert. Dit is yn 2015 troch de gemeenterie fêststeld. De oanlis fan de fytsstrook kin betsjutte dat in part fan de klinkers ferfongen wurdt troch read asfalt.
De Emmakade yn Ljouwert © Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
In protte bewenners fine dat it reade asfalt in oantaasting is fan it beskerme stedsgesicht fan de Oranjewyk yn it sintrum fan de stêd. Ek bestiet de eangst dat it fytsferkear mei hege snelheid troch de strjitte fytst.
De gemeente Ljouwert ljochte it foarnimmen foar de oanlis tongersdei ta yn it wykgebou yn de buert. Der wie in protte belangstelling fanút de wyk. De gemeente sil op basis fan de ynbring in definityf plan meitsje. De bewenners sille hjirby belutsen wurde.
It doel is dat der yn de rin fan takom jier mei de werynrjochting úteinset wurdt.