Twa jier sel foar babbeltrúk

13 sep 2018 - 21:27

In 53-jierrige man dy't benammen âldere minsken beduvele mei in babbeltrúk moat fan de rjochter twa jier de sel yn. De man, sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, hat dêrnjonken noch 12 moanne ûnder betingst oplein krigen.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De fertochte is al faker feroardiele foar inselde soart misdie. De lêste kear dat er feroardiele is, wie yn maaie 2018, doe't er fan de plysjerjochter yn Limboarch fjouwer moanne sel krige. De oplichter hat ûnder oare slachtoffers makke yn Ljouwert, Drachten en de stêd Grins.

De man hie it benammen fersjoen op âldere minsken. In pear kear sei er dat er in bekende fan de buorlju wie, en frege er syn slachtoffers oft er eefkes binnenkomme mocht om te beljen. As er ien kear binnen wie kaam er mei in sneu ferhaal om de minsken safier te krijen om jild te jaan. Hjirmei slagge er der somtiden yn om sels de bankpas en pinkoade fan syn slachtoffers te krijen.

Egoïst

De rjochtbank nimt it de man benammen kwea-ôf dat er allinnich mar oan himsels tocht, en net oan de gefolgen foar syn slachtoffers. Guon âlderen wiene der folslein foarwei, en hawwe op har âlde dei noch ferwurkje moatten dat se ynienen eangst en wantrouwen foar oare minsken hiene.

De rjochter fynt ek dat de man syn slachtoffers yn totaal 4600 euro werombetelje moat. Nei't er syn straf útsitten hat komt er yn in ynstelling foar begelaat wenjen, en moat er meiwurkje oan skuldhelpferliening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)