NHL Stenden skoart goed by studinten mei in beheining

13 sep 2018 - 20:23

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert skoart relatyf goed by studinten mei in funksjebeheining. Dat stiet yn it jierrapport fan it Handicap + Studie Expertisecentrum. Fan de 'grutte' hegeskoallen (mei mear as 700 studinten mei in lichaamlike beheining) skoart allinnich Windesheim yn Zwolle better as NHL Stenden.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De studinten mei in funksjebeheining waard frege nei harren oardiel op njoggen ûnderdielen. Dêrby gie it ûnder oare oer de foarljochting oer it studearjen mei in beheining, it begryp fan dosinten en oare studinten, de begelieding en de oanpassing fan it ûnderwiis en tentamens.

Der binne mar trije grutte hegeskoallen yn Nederlân dy't better skoare as it gemiddele. Dêr is NHL Stenden dus ien fan. Yn de ûndersteande tabel binne de skoares fan NHL Stenden werom te sjen. De skoares yn it ûndersyk binne op in skaal fan fiif.

Skoare fan NHL Stenden

Foarljochting 3,09
Yntake 3,22
Begryp studinten 3,42
Begryp dosinten 3,66
Kunde dosinten 3,36
Begelieding 3,16
Oanpassing ûnderwiis 3,75
Oanpassing tentamens 3,54
Digitale tagong 3,79

De njoggen ûnderwerpen dêr't de studinten oer befrege waarden:

  1. Foarljochting: de foarljochting en ynformaasjefoarsjenning oer it studearjen mei in funksjebeheining
  2. Yntake: de opfang dy't de oplieding biedt by de start fan de stúdzje
  3. Begryp studinten: de mate wêryn't oare studinten begryp ha
  4. Begryp dosinten: de mate wêryn't dosinten begryp ha
  5. Kunde dosinten: de mate wêryn't dosinten en meiwurkers kunde fan saken hawwe, sa't sy adekwaat mei de funksjebeheining omgean kinne
  6. Begelieding: de spesjale begelieding wilens de stúdzje
  7. Oanpassing ûnderwiis: de oanpassingen yn it ûnderwiis dy't de oplieding biedt
  8. Oanpassing tentamens: de oanpassing yn toetsing dy't de oplieding biedt
  9. Digitale tagong: de digitale tagonklikheid fan de oplieding of ynstelling
(advertinsje)