FIDEO: Golvje foar it goeie doel mei Hiddink, Van Breukelen en Van Hanegem

13 sep 2018 - 20:01

Guus Hiddink, Hans van Breukelen en Willem van Hanegem. It binne mar in pear fan de pommeranten dy't tongersdei in baltsje slaan op de golfbaan yn Beetstersweach. Se binne dêr op útnûging fan Foppe de Haan. De hiele dei stiet de golfbaan yn it teken fan it Foppe Fonds, dat him ynset foar jongeren mei in beheining. Foppe de Haan hopet dat der oan de ein fan de dei goed 30.000 euro ophelle is.

Trefwurden: 
Foppe Fonds golvje
(advertinsje)