Itensiede moat de dôve en hearrende wrâld byinoar bringe

13 sep 2018 - 19:45

"Ik ben gek op eten en op theater", fertelt Mim Hardege fan it projekt H-oor. Se hat sels twa heartastellen, om't se net goed hearre kin. Se fernimt dat minsken bytiden gek dogge as se hjir achterkomme. "Dan gaan ze door de knieën en langzaam en hard praten alsof ik gek ben. Dat hoeft ook weer niet." Se hat der foaral lêst fan yn groepspetearen, mar ien op ien is it bêst te dwaan. Se moat it gesicht foaral goed sjen kinne.

Mei it Kulturele Haadstêdprojekt H-oor hopet se mear begryp te krijen tusken de wrâld fan dôve en min hearrende minsken, en de groep dy't wol goed hearre kin. Dat bart mei in workshop itensiede en in teäterdiner. Der wurdt op dit stuit oefene. Under oare mei it klear te meitsjen menu. De workshop itensiede en it teäterdiner soene dizze hjerst plakfine, mar wurde troch omstannichheden ferpleatst nei takom jier.

Akteurs Anita Dijkstra (sy kin goed hearre) en Monte Huizenga (hy kin min hearre) krigen alfêst in foarpriuwke fan it iten yn in studio yn Stiens. Fansels waard der tuskentroch ek oefene. Dat kinst allegearre sjen yn de fideo hjirboppe.

(advertinsje)