It Hearrenfean pakt de files by knooppunt A32 oan

13 sep 2018 - 18:25

Nije turborotonde by It Hearrenfean moat in serieus fileprobleem by de ôfritten fan de A32 foarkomme.

Op it stuit steane der al geregeld files by de ôfritten fan de A32 nei it sintrum fan It Hearrenfean en it Abe Lenstra stadion. En dit wurdt de kommende jierren allinnich noch mar slimmer, om't it tal ferkearsbewegingen dêr bot ta nimme sil.

De gemeente grypt dêrom yn mei it projekt Heerenveen Beter Bereikbaar. Tongersdei is formeel it earste foarwurk begûn: it ferlizzen fan gasliedingen dy't yn it paad lizze. De grutste put is lykwols de oanlis fan in turborotonde dy't de ferkearsljochten oerstallich makket.

De oanbesteging fan dat wurk is no iepensteld, mar de oanlis sil pas nei de simmer fan takom jier begjinne. Dat part fan it wurk moat dan yn 2021 klear wêze.

Turborotonde It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
It Hearrenfean A32 files
(advertinsje)