Piet Paulusma is wer thús nei ferfolchoperaasje

Piet Paulusma is wer thús. De waarman mocht tongersdeitemiddei wer út it sikehûs wei. Dêr lei er sûnt ôfrûne freed, fanwege in ferfolchoperaasje.
© ANP
Doe't Paulusma op simmerfakânsje wie, waard er mei in akute blokkade yn de dikke term opnommen yn it sikehûs. Dat wie ein july.
Begjin augustus mocht Paulusma nei hûs, mar ferline wike moast er foar in ferfolchoperaasje wer nei it sikehûs. Dat ferrûn suksesfol en no mei er dus nei hûs.
Paulusma hopet dat er gau it waar wer presintearje kin. Hy wurdt no op telefyzje ferfongen troch syn dochter Martsje en op de radio troch Jan Jonkman.