In griene bijestrjitte midden yn it sintrum fan Ljouwert

13 sep 2018 - 17:36

De nije en âlde Oosterstrjitte yn Ljouwert sjogge der hieltyd griener út. Op dit stuit binne lokale ûndernimmers, oanfolle mei saakkundigen, dwaande mei de lêste tariedingen foar de iepening kommende sneon. De strjitte wurdt dan in saneamde BeeStreet.

Dizze maitiid is der al úteinset mei de oanlis fan mear grien yn de strjitte, en in systeem wêrmei't de planten op sa'n wize wetter krije dat je der net in soad wurk fan hawwe.

Projektlieder Eileen Blackmoor wol sa eins de hiele stêd oanpakke. Ek omdat it neffens har yn de takomst allinnich noch mar waarmer wurde sil. En dan is in griene stêd dêr't it relatyf koel bliuwt, hiel wichtich. In BeeStreet is fansels ek goed foar bijen. Want dy kinne wol wat help brûke. Ek yn de stêd en yn in drokke winkelstrjitte.

(advertinsje)