Jan Minno Rozendal nei Masedoanië foar skriuwprojekt Oare Wurden

Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal fan De Westereen is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden selektearre foar in ferbliuw yn Masedoanië. Oare Wurden is in projekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. Dy skriuwers kinne dan acht wiken yn it bûtenlân wenje en wurkje.
Jan Minno Rozendal © Jan Minno Rozendal
Rozendal wie ien fan twa skriuwers dy't in skriuwplan yntsjinne. Takom wike reizget er nei de Masedoanyske stêd Bitola. Dêr wol er begjinne oan in biografy fan Douwe Kalma. Goed hûndert jier lyn joech Kalma, as oprjochter fan de Jongfryske Mienskip en skriuwer fan 'Fryslân en de Wrâld', in ymplus oan it selsbewustwêzen en de eigenwearde fan de Friezen.
It wurk fan Rozendal moat in wittenskiplik ferantwurde biografy wurde. Syn ferbliuw yn Masedoanië sjocht er as prelude op dat skriuwprojekt.
Rozendal is berne yn De Westereen en wennet no yn Grins, dêr't er skiednis studearre hat. Hy hat de ôfrûne twa jier twa histoaryske romans útbrocht. Dizze moanne publisearre Rozendal ek in biografy fan dichter en Fryske strider Anders Minne Wybenga.
It is net foar it earst dat in Fryske skriuwer foar Oare Wurden nei de Masedoanyske stêd Bitola giet: André Looijenga gie Rozendal foar. Fierder wienen Bart Kingma en Gerard de Jong yn San Sebastián (Baskelân), Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië) en Karen Bies yn Belmullet (Ierlân). It doel fan in ferbliuw yn it bûtenlân is it opbouwen fan in literêr netwurk. It úteinlike wurk wurdt yn it Ingelsk en oare talen oerset en publisearre op de webside fan Oare Wurden.