Ferwûne hynder De Stormruiter werom yn WTC yn Ljouwert

It ferwûne hynder Quirikou fan it Frânske teäterselskip Jehol is werom yn it WTC yn Ljouwert. It hynder foel ôfrûne sneon by de premjêre fan De Stormruiter en rûn dêrby in peesblessuere op. It bist is de ôfrûne dagen behannele yn in bisteklinyk yn Emmeloard.
Ferwûne hynder Stormruiter werom yn WTC
Quirikou is yntusken genôch opknapt om yn it WTC wer op stâl te stean tusken de oare hynders. It hynder moat de earste twa wike noch fierder better wurde en docht dêrom foarearst noch net mei oan de foarstellingen fan De Stormruiter.
© Omrop Fryslan
Harkje nei it ferhaal fan ruter Clément Mesmin