Sloop santich hierhuzen yn Burgum úteinset

13 sep 2018 - 16:10

Wenningkorporaasje WoonFriesland is yn Burgum begûn mei de sloop fan santich hierhuzen. Der komme 76 enerzjysunige huzen foar werom, dy't it hielendal sûnder gas kinne. De sloopwurksumheden binne oan de B. Steenhuisenlaan, B. Lohmanlaan en Westersingel yn it westen fan it doarp. De huzen dêr steane der al sûnt it begjin fan de jierren '50.

Ympresje - Foto: The Virtual Dutch Men

Gruttere wenkeamer of bykeuken

Sawat de helte fan de minsken dy't wenne yn de santich huzen dy't ferboud wurde, komt letter te wenjen yn de nijbouhuzen. Sy koene kieze tusken in gruttere wenkeamer en in bykeuken. Foar't se dêr wer yn kinne, wenje se yn tydlike wenten.

De sloop fan de santich huzen giet yn fazen: de lêsten huzen wurde yn desimber sloopt. De earste nije wenten binne yn de simmer fan 2019 klear.

Goed hûndert oare huzen yn Burgum fan WoonFriesland wurde ek oanpakt. Dy wurde ûnder oare enerzjysuniger makke. Mei-elkoar kostje beide projekten goed 15 miljoen euro.

Trefwurden: 
Burgum WoonFriesland
(advertinsje)