Iepenloftspul De Harkema: de premjêre fan De Oerbliuwers

De loft kleuret rôze en giel en dan wer moai oranje. De minsken sykje in plakje op de tribune. It is drok. Alle foarstellingen fan De Oerbliuwers binne útferkocht en dus komt der in ekstra jûn. Efter it dekôr steane de hynders der rêstich by. Om healwei njoggenen begjint it. Der komt in stoet oan. In begraffenisstoet. It binne de ynwenners fan Nij Harkema. Sy binne stikem efterbleaun doe't it hiele noarden ferhuze nei de Rânestêd. Soene se it rêde, in mienskip dy't op 'e nij begjint? Mei in sterke frou, Moai Aal, as lieder. Mei suvere en sûne produkten. Alles earlik ferdield. Mar ja, elk hat ek sa syn eigen belangen. Guon wolle foarút en hannel dwaan. Mar Moai Aal net.
Iepenloftspul Harkema de Oerbliuwers, premjêre
It personaazje Nobach, spile troch Gerrit Haaksma, hat it publyk op syn hân. Se laitsje om syn langstme nei in jonge frou - of is it sin - en laitsje noch hurder as er oerfallen wurdt troch Roos dy't de spesjale tee dronken hat wêrtroch't "eindelijk de snaren gespannen zijn". Yn it skoft gnize in pear froulju dat se ek wol sokke tee wolle.
Efter it dekôr yn in tinte krije guon fan de spilers snert om op te waarmjen. Want it is yntusken al wol kâld wurden.
De earste helte fljocht foarby, Se hawwe allegearre goed harke nei de lêste oanwizingen fan de regisseur. Somtiden binne der lapen tekst, en dan ek noch op rym wat je as publyk wer net echt hearre meie, dus jou it se mar te dwaan.
De twadde helte bart der in hiel soad. Der komme Westereners fan links en Grinzers fan rjochts. Mar wat no krekt de klû fan it hiele ferhaal is, dat fine de measte besikers wol wat yngewikkeld. Sa hearre wy nei ôfrin. Wylst wy ek twa froulju treffe dy't sichtber genoaten hawwe fan de teksten en in prachtjûn hân hawwe. De froulju fan de munteferkeap oersjogge it nochris fanút harren hokje. Se moatte der noch mar efkes oer neiprate mei-elkoar yn de tinte.