De Omrop Boekehoeke: De tips fan Ronnie Terpstra

13 sep 2018 - 15:04

Wannear hasto foar it lêst in nij boek lêzen? Justerjûn noch, foar it sliepengean? Of is it alwer in tal moannen, of miskien sels jierren lyn? Om minsken dochs wer oan it lêzen te krijen siket De Middei fan Fryslân alle wiken nei de moaiste nije boeken. Dit kear tegearre mei Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde.

Foto: Omrop Fryslan

Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde út Ljouwert lêst alle dagen. Wêr't oaren yn de fakânsje it iene nei it oare boek fersline, docht hy dat just net. Al acht jier op rige nimt er ien boek mei op fakânsje. Syn favorite boek is Suttree fan skriuwer Cormac McCarthy. "Mei dit boek fiel ik my op fakânsje dochs in bytsje thús."

Foar wa't benaud is dat in boek op fakânsje stikken giet, hat Ronnie ien tip. "Dat makket hielendal neat út. In boek is in 'gebruiksvoorwerp', dêr'tst net sa sunich op hoechst te wêzen. Der binne minsken dy't in boek as trofee yn de kast sette. Mar it is dochs folle moaier om him wer oan in oar te jaan?"

De Boekehoeke mei Ronnie Terpstra

Foto: Omrop Fryslân

Ik lês alle dagen, dus yn de fakânsje lês ik eins net.

Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde

Tips

Ronnie hat steapels mei boeken meinaam, mar as er in top 3 meitsje moat dan is dit 'm.

1. Ali: een leven - Jonathan Eig

Ronnie: "Dit is in prachtige biografy oer in absoút fenomeen. Mohammed Ali hat sa folle betsjutten foar safolle minsken. Hy is grutter as himsels."

2. Bierbrouwerijen in Dokkum

Ronnie: "Ik kom út Dokkum, dus ik fyn soks fantastysk om te lêzen. Sa kaam ik der efter dat it bertehûs fan ús heit hjoed-de-dei de lytste bierbrouwerij fan it lân is. En ek it bertehûs fan ús mem is in bierbrouwerij. Moai toch?

3. Suttree - Cormac McCarthy

Ronnie: "De sfear, de taal; dit boek hat wat fertrouds dêr't ik alle kearen wer troch pakt wurd. Ik ha 'm yntusken al acht kear lêzen en it bliuwt prachtich."

Boekeklup

De Middei fan Fryslân wol de kommende wiken alle tongersdeis fan dy witte wat dyn favorite boek is. Is der in boek dêr'tsto in bysûnder oantinken oan hast, bygelyks om't it dy troch in drege tiid holpen hat? Of is der in boek dat sa'n briljante twist hie, datst der noch dagen oer neitocht hast? Of miskien is dyn favorite boek hiel ûnbekend, en wolst it leafst dat elkenien it ek besiket te lêzen. De Middei fan Fryslân wol it graach witte!

Stjoer dyn ferhaal, of dyn boeketips nei dmff@omropfryslan.nl of stjoer in appke fia de app fan Omrop Fryslân. Ferjit net om dyn kontaktgegevens dêrby te setten!

(advertinsje)