"Toer Skearnegoutum wurdt hoe dan ek opknapt"

It opknappen fan de toer fan Skearnegoutum giet kommende maitiid hoe dan ek los. Der is noch net genôch jild binnen om de kosten te dekken, mar neffens it tsjerkebestjoer kin der net langer mei wachte wurde. "We sette it wurk no troch want oars komt in part fan de laaien mooglik nei ûnderen", sa seit tsjerkrintmaster Pieter Jellema.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Der wurdt al moannen aksjefierd om it jild foar de opknapbeurt byinoar te krijen en oant no ta hat dat 35.000 euro opsmiten. Mear as de helte derfan is opbrocht troch it doarp sels en ek de kommende moannen wurde der noch aktiviteiten organisearre dy't noch wat ekstra sinten opsmite moatte.
Der binne dêrnjonken noch in tal fûnsen dy't neitinke oer oft se jild stekke wolle yn de toer. Slagget dat net dan sil it tsjerkebestjoer syn eigen sparjild oansprekke moatte.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by de toer
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De toer is eins al jierren ta oan in opknapbeurt. De laaien op it dak binne lek en dat soarget foar houtrot oan de binnenkant. Der neat oan dwaan is eins gjin opsje. As it dak net fernijd wurde kin en it houtwurk ferfongen, dan sil de toer foar in part sloopt wurde moatte.