Konstruksjeproblemen by tuskenflier Friese Poort Snits

Yn fiif lokalen fan it skoalgebou fan ROC Friese Poort yn Snits steane stimpels dy't it plafond stypje. Yn de muorren fan de lokalen binne skuorkes fûn. Dy wurde feroarsake troch in konstruksjeprobleem yn it gebou. Neffens lokaasjedirekteur Lineke Kleefstra smyt it lykwols gjin ûnfeilige situaasjes op. "Ik bin der wis fan dat it hjir 100% feilich is."
Hoewol't der neffens de direksje gjin gefaar foar de learlingen is, binne der wol saneamde stimpels pleatst as foarsoarchsmaatregel. Om de oarsaak fan it konstruksjeprobleem te finen, hat de skoalle twa ûndersyksburo's yn de earm naam.
ROC Friese Poort Snits © René Koster
Rene Koster by ROC Friese Poort yn Snits
De rapporten wurde freed presintearre. De konklúzjes sille útwize moatte wat de eksakte oarsaak is en hokker maatregels nommen wurde moatte.