Ciganiks yn de basis by Cambuur yn thúswedstriid tsjin Telstar

13 sep 2018 - 14:28

Cambuur spilet freed de thúswedstriid tsjin Telstar. Yn de basisopstelling fan de Ljouwerters is ien wiziging: Andrej Ciganiks begjint yn de basis en dêrom giet Tyrone Conraad derút. Ciganiks wie de ôfrûne wedstriid op stap mei Jong Letlân, mar spile troch in skorsing mar ien wedstriid. Hy wie tiisdei al wer werom yn Ljouwert. Foar de ynterlânwike stie Ciganiks ek yn de basis fan Cambuur en dat is reden foar trainer René Hake om de Let ek no wer yn de basisopstelling op te nimmen.

Andrejs Ciganiks - Foto: www.orange-pictures.nl

Telstar docht it krekt as Cambuur hiel goed yn de earste perioade. Beide klups hawwe seis punten út twa wedstriden. In net te ûnderskatten ploech, sa seit trainer Hake: "Zeker een niet te onderschatten ploeg. Trouwens, wie zijn wij om een tegenstander te onderschatten."

De Cambuurtrainer is him der bewust fan dat de resultaten fan syn ploech opfalle. "Er wordt op ons gelet en dat betekent dat we nog beter voor de dag moeten komen." De sfear by Cambuur is prima nei de fleanende seizoenstart. Boppedat is der mar ien blessueregefal: Matthew Steenvoorden hat mear hinder fan syn foetblessuere as earder tocht wie en hy kin net spylje. De rest is fit.

Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Schilder, Mbende, Sambissa; Ciganiks, Schils, Mathieu, Schindler; Rossi, Van Kippersluis.

(advertinsje)
(advertinsje)