Learlingen RSG Magister Alvinus mishannele op ekskurzje

13 sep 2018 - 12:20

Learlingen fan RSG Magister Alvinus út Snits binne op in ekskurzje nei Eastbourne yn Ingelân slim mishannele. Se binne troch Ingelske jongeren skopt en slein. Dat is oant twa kear ta bard. Moandeitejûn waarden de learlingen op strjitte bedrige troch in groep fan sa'n tsien Ingelske jongeren. Woansdei waarden de Snitser learlingen op 'e nij oanfallen.

Foto: Omrop Fryslân

By de fjochtpartijen waarden flinke klappen útdield. By ien fan de Snitser learlingen waard in tosk út de mûle slein. Ien fan de ferwûne learlingen moast nei it sikehûs. Hy makket it nei omstannichheden goed. Fierder binne persoanlike besittingen lykas jild, pinpassen en telefoans stellen.

Roelof Veenhoven fan RSG Magister Alvinus

De skoallieding hat woansdei nei it twadde ynsidint besletten om de ekskurzje earder as pland te beëinigjen. De âlden fan de bern binne yntusken ek op 'e hichte brocht. De groep learlingen en harren begelieders komme tongersdei werom út Ingelân.

(advertinsje)