Man út Easthim wurdt sûnt in wike fermist

13 sep 2018 - 11:33

De 22-jierrige Patrick Koekebakker fan Easthim wurdt sûnt 6 septimber fermist. Dy tongersdei is er út Almere-Haven wei yn in motorboat de Iselmar op gien, mooglik nei Heech. De boat hjit Clara, is wyt, mei in blau doek achterop. Patrick Koekebakker is 1.90 meter lang, hat in meager postuur en blond hier.

Patrick Koekebakker út Easthim wurdt fermist - Foto: Plysje

Minsken dy't ynformaasje ha oer de fermissing, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

De motorboat Clara - Foto: Plysje
(advertinsje)