Telstar leit kaartferkeap stil foar wedstriid tsjin Cambuur

13 sep 2018 - 11:29

Fuotbalklup Telstar hat de ferkeap fan kaarten foar de útwedstriid tsjin Cambuur stillein. Reden is dat de klup de feiligens fan de eigen supporters net garandearje kin, fanwege de foarnommen plysjestaking. Yn oerlis mei Cambuur hat Telstar it beslút naam om de supporters dy't al in kaart kocht hiene foar de wedstriid in alternatyf oan te bieden yn it Cambuurstadion.

SC Cambuur - Telstar - Foto: Omrop Fryslân

Cambuur lit op Twitter witte dat de wedstriid fan freedtejûn om 20.00 oere wol trochgiet. "Met dank aan gemeente en burgemeester", sa stiet yn de tweet te lêzen. De gemeente wol neat sizze oer de feilichheidsmaatregels dy't naam wurde. "Lykas gewoanwei sizze wy neat oer feilichheidsmaatregels rûnom fuotbalwedstriden", lit de gemeente witte. "It iennige dat wy sizze kinne, is dat Cambuur sels in lyts tal maatregels nimt, wêrtroch't de wedstriid trochgean kin."

(advertinsje)