"Dea fan Aldert Poortema koe foarkommen wurde"

13 sep 2018 - 10:48

It 'eigen fjoer-ynsidint' dat tsien jier lyn yn Uruzgan oan ûnder oaren de 22-jierrige militêr Aldert Poortema fan Drylts it libben koste, hie foarkommen wurde kinnen at de ferantwurdlik kommandant harke hie nei warskôgingen. Dat sizze kollega's fan de kommandant tongersdei yn De Telegraaf. By it ynsidint kamen njonken Poortema ek Wesley Schol en twa Afgaanske militêren om it libben.

Foto: Omrop Fryslân

De kommandant krijt fan syn kollega's it ferwyt dat hy warskôge wie om op de dei dat it mis gie, 12 jannewaris 2008, net fuort te gean. It waar wie te min en troch it ûntbrekken fan moanneljocht soene de nachtkikers fan de militêren net wurkje. Doe't de militêren harren posysjes ynnimme moasten, wie it net dúdlik wa't wêr siet. Sa koe it barre dat kollega's oansjoen waarden foar de fijân.

Die jongens hadden nog in leven kunnen zijn.

Geastlik fersoarger Frans Kurstjens

Geastlik fersoarger Frans Kurstjens seit yn De Telegraaf dat der gjin militêre needsaak wie foar de operaasje. "Haast was niet nodig. Die jongens hadden nog in leven kunnen zijn." Definsje bliuwt achter eardere ûndersiken stean. Dy stelle dat der flaters makke binne, mar dat der gjin haadskuldige wie en dat der dêrom gjin personiele gefolgen hoegden te wêzen.

(advertinsje)