Brân yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer

Yn de Koornbeurs yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn efkes nei njoggen oere brân útbrutsen. Dat soe op de boppeferdjipping wêze. Personiel seach wat reek yn it gebou en rûkte in skerpe, penetrante lucht. De brânwachtkorpsen fan Frjentsjer en Harns wiene gau te plak en ha it gebou ûntromme. Acht meiwurkers moasten nei bûten ta. De brânwacht hat ek in heechwurker ynset.
© Postema Media
Neffens in meiwurker is der mooglik wat trochbrând yn it nije luchtbehannelingsysteem, dat troch it hiele gebou rint.